Undersyk nei dea Lúnberter

18 mrt 2013 - 10:30
  • Deade man Lúnbert

De plysje ûndersiket de dea fan in 57-jierrige ynwenner fan Lúnbert. Syn lichem waard sneintemiddei fûn yn de fiver achter syn hûs. Omdat net dúdlik is wêr't de man oan ferstoarn is, wurdt der moandei seksje dien op it lichem. Ek docht de plysje ûndersyk by de fiver. Minsken dy't mear witte oer de dea fan de ynwenner fan Lúnbert wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)