Undersyk nei brûkt wc-papier

14 jan 2014 - 19:36
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje stekt jild yn ûndersyk nei brûkt wc-papier. Foar dit projekt en fjouwer oaren is der 450.000 euro beskikber, sa ha Deputearre Steaten besletten. Under oaren Wetterskip Fryslân, it Grinzer wetterskip en de ryksuniversiteit Grins wolle sjen as mei de selluloaze yn it papier fersmoarge rioelslib reinige wurde kin. No is dat noch hiel djoer en boppedat wurde der gemyske stoffen foar brûkt. By in oar projekt wurdt der besocht plestik te meitsjen út smots fan biten. Dêr binne ûnder oare Philips en de Suikerunie by belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)