Undersyk nei brêgewipper

01 okt 2010 - 11:12
  • De oanhâlding fan de brêgewipper op woansde 29 septimber

Der komt ekstra ûndersyk nei de arrestaasje fan in brêgewipper yn Ljouwert. De man waard woansdei oppakt omdat hy neffens wachtsjende motorplysje de Hermesbrêge oan de Heliconwei net rap genôch ticht die.

De agint moast mei faasje nei in oprop en foardere de brêgewipper ferskate kearen om de brêge te sluten. De man wegere dit en waard doe oppakt. De brêgewipper ferklearret dat hy de brêge iepen hâldde om dykwurkers de kâns te jaan om har wurk ôf te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)