Undersyk nei brêgen yn Akkrum

01 des 2004 - 12:07

De provinsje lit twa brêgen yn de rûte Terherne-Akkrum-Grou ûndersykje. It giet om de Meinesleatsbrêge en de Weidlânsbrêge, beide yn Akkrum. It is dêr ûnoersichtlik, wylst de trochfeart smel is en de oanlismooglikheden min.

De Weidlânsbrêge draait boppedat te stadich, wat de trochsteam ek net ten goede komt. Buro Oranjewoud sil no yn opdracht fan de provinsje op syk nei oplossings foar de beide knipepunten yn 'e farrûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)