Undersyk nei brânwacht

06 sep 2007 - 11:07
  • Undersyk nei brânwacht Stellingwerven (argyffoto)

East- en Weststellingwerf besjogge de kommende moannen oft de brânwacht yn beide gemeenten noch wol foldocht oan 'e regels. Yn 'e Stellingwerven binne sân kazernes. Besjoen wurdt oft dy allegearre noch wol nedich binne. Dêrfoar wurde ek de oanrydtiden berekkene.

Beide gemeenten hawwe in wurkgroep ynsteld. Dy docht it ûndersyk nei de brânwacht. Foar de simmer fan takom jier moat der dúdlikens wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)