Undersyk nei brânstifting

25 nov 2008 - 09:30

De plysje hat it ûndersyk nei de brân yn in monumintale pleats yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren opnij opstart. De brân wie yn maaie ferline jier en der waard doe daliks al útgien fan brânstifting. Mar de plysje hat nea ien oanhâlde kinnen.

Yntusken hat de plysje nije ynformaasje krigen, dy't oanlieding is om it ûndersyk te weriepenjen. De plysje freget noch altiten oan minsken dy't wat sjoen hawwe, maaie ferline jier, om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)