Undersyk nei brannen yn Snits

07 apr 2014 - 19:34
  • Yn de leechsteande garaazje oan de Westhemstrjitte bruts trije kear brân út

De plysje docht ûndersyk nei trije brânnen yn de âlde Peugeotgaraazje Wander yn Snits. Moandeitejûn wie foar de tredde kear yn fjouwer dagen tiid brân yn it leechsteande gebou oan de Westhemstrjitte. De brânwacht krige krekt nei sân oere in melding fan in lytse brân. De brânwacht fan Snits hie de brân gau ûnder kontrôle.

Freed en sneon moast de brânwacht ek al yn aksje komme om yn it gebou te blussen. Ut ûndersyk fan de plysje moat no bliken dwaan oft der in ferbân is tusken de brannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)