Undersyk nei brân yn snackbar

16 mrt 2007 - 12:46

De technyske resjerzje ûndersiket de brân fan tongersdeitenacht yn snackbar De_Overweg yn Ljouwert. Brânstichting wurdt net útsletten. De brânwacht wie gau te plak omt it fjoer út te meitsjen.

Bewenners boppe de saak binne troch de plysje nei bûten ta brocht. Ien fan harren hie problemen mei sykheljen en is nei it sikehûs brocht. Sân wiken ferlyn wie der ek al brân yn 'e snackbar oan Achter_de_Hoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)