Undersyk nei brân Portena

05 nov 2007 - 12:36
  • de skea fan de brân wurdt moandei besjoen

By transportbedriuw Portena op It Hearrenfean wurdt besjoen oft 16.000 pallets mei iten noch brûkber binne. As dat net is, wurdt it guod ferneatige. By it bedriuw wie sneintejûn in grutte brân, dêr't in soad reek by frijkaam. Mooglik hat dy reek it iten oantaast.

Wat de oarsaak fan de brân west hat, is noch net bekend. Mooglik ûntstie it fjoer yn de garaazje. Dat wurdt moandei neier ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)