Undersyk nei brân giet troch

28 des 2006 - 17:32

It technysk ûndersyk nei de grutte brân op it Hearrenfean yn de nacht fan woansdei op tongersdei giet ek freed noch troch. De plysje hat noch gjin minsken oanhâlde kinnen. De plysje is der lykwols wol sa goed as wis fan dat de brân oanstutsen is.

Oan it Breedpad ûntstie om fjouwer oere hinne brân yn in shoarmasaak. It fjoer sloech oer nei oare gebouwen. In tsiental minsken rekke dakleas. It technysk ûndersyk is noch dwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)