Undersyk nei brân Bilgaard

31 okt 2006 - 13:36

B en W fan Ljouwert jouwe tiisdei in taljochting op it ûndersyk nei de grutte brân yn winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert, op 24 augustus. It ûndersyk is útfierd troch yngenieur Suurenbroek. Hy is ferbûn oan de Universiteit fan Twenthe en is in ekspert op it mêd fan brânfeiligens.

Ien fan de foarriedige konklúzjes út it ûndersyk is dat troch de lestige konstruksje fan it winkelsintrum de brân dreech te bestriden wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)