Undersyk nei bommen Skylge

03 feb 2007 - 15:21
  • Der lizze noch hiel wat eksplosiven ûnder it sân...

De gemeente Skylge tinkt dat der miskien noch wol seis 250-pûners op it eilân lizze. Fan 'e wike waard der by Midslân sa'n op skerp steande bom op it eilân fûn.

De gemeente krige dêrnei ferskate tillefoantsjes fan Skylgers dy't witte wêr't noch mear wat leit. Dy tips wurde ynventariseard en der komt in ûndersyk. Oer in pear wike moat dan dúdlik wêze wêr't presys wat leit. Dy bommen wurde dan ûnskealik makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)