Undersyk nei bom giet fierder

12 nov 2003 - 00:00

De gemeente Wûnseradiel giet fierder mei it ûndersyk nei de bom út de Twadde-Wrâldoarloch. Dy bom moat neffens ynwenners fan de gemeente lizze yn de Oude Nieuwbuurt yn Makkum.

Ferline wike hat it Explosieven Opruimings Commando in earste ûndersyk dien nei de bom. It advys is dat der fierder socht wurde moat. Wûnseradiel hat yntusken in bedriuw út it suden fan it lân opdracht jûn de bom op te spoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)