Undersyk nei bluswetter Harns

06 sep 2011 - 10:12
  • It wetterskip ûndersiket it bluswetter (foto's: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy)

Wetterskip Fryslân ûndersiket tiisdei yn Harns it bluswetter fan de brân fan moandei by spekjefabryk Astra Faam. Rioelputsjes wurde tichtmakke om foar te kommen dat it reade bluswetter troch dy putsjes yn it rioel komt. In pompauto sil it bluswetter fuortpompe.

Moandei baarnde yn Harns de folsleine produksjehal fan it spekjefabryk ôf. De ekspedysjeromte en in tal kantoaren koene behâlden wurde. Tiisdei is der in byienkomst foar de 70 meiwurkers fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)