Undersyk nei blombolleteelt

25 mrt 2013 - 12:28

Wetterskip Fryslân sil ûndersykje oft gewaaksbeskermingsmiddels út blomteelt telâne komme yn oerflakwetter. Dan kin sjoen wurde hoe't kwekers derfoar soargje kinne dat minder skealike stoffen yn it wetter telâne komme.

Wetter yn sleatten by tulpe- en lelyfjilden yn Gaasterlân-Sleat, Hearrenfean en It Bilt wurdt ûndersocht. Fan no oant en mei oktober sille ien kear yn de twa wiken wettermeunsters naam wurde foar ûndersyk. Begjin takom jier wurde de resultaten bekend makke.

It ûndersyk wurdt útfierd yn gearwurking mei de Keninklike Algemiene Feriening foar Blombollekultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)