Undersyk nei biomassasintrale

20 feb 2009 - 11:39

Achtkarspelen wol ûndersykje oft der yn de gemeente ergens in biomassasintrale komme kin. Sa'n ynstallaasje kin soargje foar de ferwaarming fan bygelyks skoallen, swimbaden of sporthallen. Se wurde faak op houtsnippers stookt.

Omdat yn Achtkarspelen in soad beamwâlen binne en dus ek in soad snoei-ôffal, liket it de gemeente in goed idee om sa'n biomassasintrale op te setten. Benammen ek omdat it ferbean is om houtôffal te ferbaarnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)