Undersyk nei bestean Harns

29 nov 2011 - 14:16

In ekstern buro moat ûndersykje oft Harns selsstannich bliuwe kin of better fusearje kin. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten dat sa'n buro útfine moat wat de gemeentlike bestjoerskrêft fan Harns no is en wat dy yn de takomst wêze moat. Der binne trije opsjes. Dêrby bliuwt Harns selsstannich, fusearret de gemeente of wurket Harns gear.

Ut de analyze moat bliken dwaan wat foar Harns en de ynwenners it bêste senario is. De ynwenners wurdt ek nei harren miening frege yn it hiele ûndersyk. De útkomsten wurde takom maitiid ferwachtte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)