Undersyk nei besikers Snitswike

06 aug 2004 - 17:26

De besikers fan de Snitswike jouwe per dei 7 euroton út en binne der gemiddeld foar de tolfde kear. Dat binne de foarnaamste konklúzjes út in ûndersyk dat de gemeente Snits ferline jier yn de Snitswike hâlden hat.

Fierders docht bliken dat de measte besikers út Fryslân en Noard- en Súd- Hollân komme. It idee dat de jeugd de grutste besikersgroep is, kloppet net. Wol is it sa dat de jeugd foar de measte oerlêst soarget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)