Undersyk nei bercheinen

14 aug 2011 - 09:34

Yn it Dútske diel fan de Waadsee wurdt ûndersyk dien nei de berchein. Dy komt yn it gebiet hieltyd minder foar. De ôfrûne acht jier is de populaasje mei 40 prosint nei ûnderen gien. De fûgels briede op it Waad.

Troch trije bercheinen in stjoerder te jaan, wurdt no besocht te achterheljen wêrom't se minder yn it gebiet sitte. Dêrnei wurde mooglik maatregels naam. Bercheinen komme net allinne yn it Dútske part fan it Waad foar, se sitte ek yn it Nederlânske diel foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)