Undersyk nei asylsikerssintrum

19 maaie 2013 - 10:33
  • It azc yn Burgum

Sa'n hûndert studinten fan de oplieding sosjale geografy fan de Universiteit fan Amsterdam dogge fan 3 oant en mei 7 juny yn Burgum ûndersyk nei it effekt fan de oanwêzigens fan it asylsikerssintrum yn it doarp. De studinten gean by de doarren del om de ynwenners te ynterviewen.

De gemeente Tytsjerksteradiel stipet it ûndersyk. Ferline jier diene de studinten inselde ûndersyk yn Musselkanaal en Ter Apel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)