Undersyk nei asbest Boazum

12 okt 2012 - 10:49

Yn Boazum is in spesjalisearre bedriuw begûn mei it ûndersyk nei en ferwiderjen fan asbestresten dy't frijkaam binne by de útslaande brân tongersdeitejûn yn in loads mei auto's. Freedtemoarn binne bewenners fan 27 wenningen yn de buert fan de loads evakuearre. Boargemaster Liemburg tinkt dat de evakuaasje langer duorje sil as de 24 oeren dêr't earst oer praat waard. De measte minsken hawwe ûnderdak by freonen of famylje krigen. Doel is om it asbest dat frijkommen is sa gau mooglik op te rêden.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat koartsluting yn in akku-boarmasine de oarsaak fan de brân wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)