Undersyk Nederlânske masinist

29 jul 2010 - 10:25

De ynspeksje Ferkear en Wettersteat ûndersiket de kennis fan de Nederlânske masinist dy't belutsen wie by it ûngelok yn Starum. De trein waard bestjoerd troch in Italiaan, mar dy wurke ûnder in begelieder fan Spoorflex út Dordrecht. Mooglik wist dy begelieder net genôch fan it spoar by Starum.

De Italiaanske masinist ferstiet gjin Nederlânsk. Dêrom wurdt ek ûndersocht hoe't de kommunikaasje gien is. Beide masinisten wurde heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)