Undersyk natuer Fryske Wâlden

31 mrt 2012 - 10:29

Yn de Noardlike Fryske Wâlden is mooglik bysûndere natuer dy't yn oare parten fan Nederlân net of mar kwalik te finen is. Om dat boppe wetter te krijen begjint dizze maitiid in grut ûndersyk. Ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga yn Feanwâlden en Landschapsbeheer Friesland dogge dat yn opdracht fan agraryske natuerferienings yn it gebiet.. Noch net earder hat sa'n grut ûndersyk west. Nei earder lytser ûndersyk is de ferwachting dat guon seldsume fûgel- en plantesoarten yn gruttere oantallen foarkomme as op oare plakken yn Nederlân.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)