Undersyk moard Murkje de Vries

09 jun 2011 - 15:42

De 46-jierrige man fan De Harkema dy't ta 24 jier feroardiele is foar de moard op Murkje de Vries fan Koatstertille, sil binnen trije moanne ûndersocht wurde.

Twa saakkundigen sille besjen hokker effekt it antidepressivum paroxetine op de man hat. Neffens de advokaat is de Harkemaster yn 2008 troch dit medisyn troch it lint gien en dêrom hat hy ferfolgens in moard pleegd. Dit medisyn sil de man no tatsjinne wurde om te sjen wat it mei him docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)