Undersyk mêst Skylge klear

15 maaie 2011 - 11:48

De gemeente Skylge makket meikoarten de resultaten bekend fan in ûndersyk nei in antennemêst yn West-Skylge. De gemeente begûn it ûndersyk nei klachten fan omwenners dat de strieling fan de mêst foar oerlêst soarget. Sa soene ûnder oare auto's net starte wolle en kompjûters samar útfalle.

Neist de útkomsten fan it ûndersyk wurdt ek algemiene ynformaasje oer antennemêsten jûn. Dat wurdt dien op 23 maaie yn it gemeentenhûs

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)