Undersyk meineed riedsleden

06 maaie 2010 - 11:05

De aksjegroep 'Fan ûnderen op' wol dat de rjochtbank yn Ljouwert mooglike meineed troch riedsleden fan Nijefurd dochs ûndersiket. It giet om de riedsleden dy't foar in gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke stimden.

Yn it riedsbeslút stiet dat in mearderheid fan de ynwenners foar sa'n weryndieling is. Neffens de aksjegroep is dêr gjin bewiis foar en is der dêrom sprake fan meineed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)