Undersyk mei wjirms

24 jul 2007 - 11:02

Yn 'e gemeente Achtkarspelen wurdt ûndersyk dien mei wjirms. De Universtiet Wageningen wol útfine hoe grut it effekt fan wjirms is op it ynwurkjen fan dong yn 'e grûn. Yn Stroobos, Surhústerfean en Droegeham binne lytse proeffjildsjes ynrjochte.

Wjirms soargje derfoar dat de dong yn 'e grûn brocht wurdt. Mar troch de gongen dy't se grave kin ek de stikstof út de dong wer út de grûn spiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)