Undersyk MCL mei dôven

24 aug 2010 - 19:57

Sikehûs MCL yn Ljouwert sil mei it Fries Centrum voor Doven en Slechthorenden de tagonklikheid fan it sikehûs ûndersykje.

It MCL fynt it hiel belangryk dat de kommunikaasje mei minsken dy't min of hielendal net hearre kinne goed ferrint. In sikehûs moat in plak wêze dêr't ynformaasje dúdlik oerkomt. Dêrom wurdt de doelgroep no sels frege wat der better kin yn dy kommunikaasje yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)