Undersyk Lulofs opnij iepene

09 feb 2007 - 14:36
  • It hús fan Lulofs nei de brân yn 1996

Fanwege nije oanwizings weriepenet de plysje it ûndersyk nei de dea fan Reinder Lulofs. Lulofs waard yn 1996 dea fûn yn syn pleatske oan de Popels yn Twizelerheide, neidat der brân west hie yn it pân. Nei ûndersyk die bliken dat de brân oanstutsen wie, Ut it pleatske waard guod meinaam, wêrûnder in tal âlde horloazjes.

By eardere ûndersiken hat de plysje gjin dieder fine kinnen. Der wurde acht resjersjeurs ynsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)