Undersyk: lege hier yn Fryslân

24 sep 2010 - 19:30

Twa Fryske wenningkorporaasjes ha de leechste hier fan Nederlân. It giet om Stichting Woningbouw Achtkarspelen út Bûtenpost en Wonen Zuidwest Friesland út Balk. Sy steane op plak ien en twa yn de top 15 fan korporaasjes mei de leechste 'streefhuur'.

De beide korporaasjes stribje dernei om de hier ek leech te hâlden, om de 57% fan de maksimale hierpriis hinne. Gemiddeld freegje korporaasjes 72% fan de maksimale hierpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)