'Undersyk imagoskea Amelân'

18 okt 2009 - 08:17

Der moat ûndersocht wurde of It Amelân imagoskea oprint troch de bou fan in gaswinynstallaasje op it eilân. Dat fynt de partij Ameland '82. De NAM wol in ynstallaasje by Bueren delsette, om der gas mei út de Noardsee te heljen.

Neffens Ameland '82 binne wol de gefolgen foar de natuer en it miljeu ûndersocht, mar is net sjoen oft it toerisme der skea fan ha sil. De partij wol no dat de gemeente dêr ûndersyk nei docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)