Undersyk huzen De Akkers

11 feb 2003 - 00:00

De fundearring fan de huzen yn de wyk De Akkers op It Hearrenfean wurdt ûndersocht. Mooglik wurdt de wenwyk sloopt as út in proef bliken docht dat de huzen net langer mear meikinne. De bewenners fan 190 huzen ha net folle betrouwen yn wenningboukorporaasje Arqin.

De wenningen út de 60er jierren binne net goed ûnderhâlden troch Arqin en foldogge net mear oan de easken fan dizze tiid, fine bewenners en gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)