Undersyk H'fean op Omrop Live

25 jul 2013 - 14:42

De ûndersykskommisje dy't ûndersyk dien hat nei de gong fan saken by Sportklup Hearrenfean, sil freed bekend meitsje oft der noch draachflak is foar de direksjeleden Hansma en Steppé. De kommisje komt boppedat mei in advys oer hoe't de organisaasje der út sjen moat yn de takomst.

Freed om 14.00 oere wurdt it personiel ynljochte, dêrnei de parse. De ferwachting is dat de parsekonferinsje mei Tjeerd van der Zwan, Jos Vaessen en Lense Koopmans om ûngefear 14.30 oere begjint. De parsekonferinsje wurdt live útstjoerd fia Omrop Live.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)