Undersyk helberheid fleanfjild

01 sep 2012 - 10:57

Der moat in ûndersyk komme nei de helberheid fan in kommersjeel fleanfjild yn Fryslân. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij kin sa'n fleanfjild in grutte stimulâns wêze foar de Fryske ekonomy. Friese Koers tinkt dêrby net allinnich oan it toerisme, mar ek oan Fryske bedriuwen dy't nei klanten yn it bûtenlân fleane wolle.

Yn it ûndersyk moat útsocht wurde oft Ljouwert de bêste lokaasje is foar in eigen Frysk fleanfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)