Undersyk Heak-trasees kin útein

23 sep 2003 - 00:00

It ûndersyk nei de gefolgen fan de mooglike trasees fan de Heak om Ljouwert kin útein sette. De kommisje stedsûntwikkeling fan de gemeente Ljouwert stimde moandei yn mei de foarstelde Traject/MER-stúdzje. Besjoen wurdt wat de Heak betsjut foar it miljeu, de wenomjouwing en de ekonomy. Mei Kryst moat de útkomst bekend wêze.

De Heak moat der sa gau mooglik komme want der hingje saken as wentebou en de ûntjouwing fan yndustryterrein mei gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)