Undersyk Haule ferrint stroef

17 okt 2003 - 00:00

De plysje is yn de moardsaak-Haule op syk nei tsjûgen dy't de mooglike dieders flechten sjoen hawwe. Mooglike flechtwegen kinne it fytspaad nei Haulerwyk, de Doarpsstrjitte en de Veenpetterweg nei Easterwâlde wêze. Alles wat minsken sjoen hawwe op de betide sneintemoarn kin ynteressant wêze foar de plysje.

Yn de nacht fan sneon op snein waard yn it kafee fan De Haule eigner Fokko Werkman (34) om it libben brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)