Undersyk gebouwen Menameradiel

11 jan 2004 - 00:00

De gemeente Menameradiel docht ûndersyk nei de tastân fan gemeentegebouwen en gebouwen dêr't mienskipsaktiviteiten plakfine. De gemeente wol wite hoe't de gebouwen derfoar steane, hoe't it giet mei it gebrûk dêrfan en wat foar winsken der binne by de gebrûkers.

Foar it ûndersyk, dat útfierd wurdt troch in ekstern buro, is foarearst sa'n 40.000 euro útlutsen. De gemeente hopet ideeën op te dwaan foar eventuele nijbou, ferbou, renovaasje of sloop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)