Undersyk fúzje gemeenten

21 apr 2010 - 14:20

It Hearrenfean en Smellingerlân lûke elk 15.000 euro út foar in ûndersyk nei in mooglike fúzje fan beide gemeenten. Meiwurkers fan de gemeenten en it buro BMC sille it ûndersyk útfiere.

Der wurdt sjoen nei de posysje fan de nije gemeente yn it bestjoerlik ferkear, de lokale ekonomy, de tsjinstferliening en mooglike finansjele gefolgen. Ek komt der in nije webside. Dêr komt op te stean wat it ûndersyk opsmiten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)