Undersyk fúzje Boarnsterhim

06 sep 2009 - 12:21

Ien op de trije ynwenners fan Akkrum en Nes fynt dat de gemeente Boarnsterhim selsstannich bliuwe moat, mar ien op de trije fynt ek dat de gemeente fusearje moat mei mear as ien buorgemeente.

De oaren fine in fúzje mei allinnich Skarsterlân, It Hearrenfean of Ljouwert in opsje. Dat docht bliken út sifers dy't Pleatslik Belang Akkrum/Nes dit wykein publisearre op de eigen webside. Ljouwert is de minst favorite potinsjele fúzjepartner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)