Undersyk Frjentsjer útwreide

16 mrt 2010 - 09:47
  • Tiisdei giet it ûndersyk yn Frjentsjer fierder

Yn Frjentsjer wurdt tiisdei it buert- en relaasje-ûndersyk útwreide nei de dea fan de 69-jierrige Pytsje Bouma. Snein en moandei is al in begjin makke mei dat ûndersyk.

Fierder is de buert fan it hûs fan de frou ûndersocht op spoaren. Tiisdeitemoarn wurdt ek seksje dien op it lichem fan de frou. Der wurkje 30 resjersjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)