Undersyk: Friezen jouwe fakânsjejild út oan klean

21 maaie 2015 - 14:46

Friezen besteegje it grutste part fan it fakânsjejild net oan de fakânsje, mar oan klean. Dit docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân en EenVandaag. It fakânsjejild wurdt freed wer op de rekken skreaun fan in protte wurknimmers.

Wat opfalt is dat wy as iennichste provinsje in grut part fan it fakânsjejild útjouwe oan klean, wylst de oare provinsjes it it measte brûke foar sparjen of it ôflossen fan skulden. Sa'n 60 prosint fan de Friezen brûkt it fakânsjejild hielendal net foar fakânsjes.

Ek brûke wy it measte fan it jild dat foar in fakânsje bedoeld is - njonken klean - foar boadskippen, sparje of it ôflossen fan skulden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)