Undersyk foar better belied

24 okt 2002 - 00:00

De gemeente Weststellingwerf docht ûndersyk nei wat de boargers fine fan de ôfdieling Sosjale Saken. In part fan de klanten krijt in fragelist tastjoerd. Dêrop kinne se oanjaan oft se goed behannele wurde, oft de ôfdieling goed berikber is en oft de ynformaasje begryplik is.

De gemeente wol mei de resultaten it belied yn de takomst ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)