Undersyk fleanfjild Drachten

15 jan 2014 - 12:29
  • It fleanfjild yn Drachten

It fleanfjild Drachten wurdt yn de takomst mooglik útwreide. De gemeente Smellingerlân lit ûndersyk dwaan nei wat der dien wurde kin mei it fleanfjild. Ien fan de punten dêr't nei sjoen wurde sil is útwreiding. Yn 1996 is besletten om it fleanfjild te sluten, mar in definityf beslút hjiroer is noait naam. Mei de útkomsten fan it ûndersyk wol de gemeente de ried in foarstel foarlizze oer de takomst fan de airstrip.

Fêst stiet wol dat by in mooglike iepening de gemeente him net mear finansjeel en bestjoerlik mei it fleanfjild bemuoie wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)