Undersyk fergunning piip oven

02 sep 2009 - 16:04
  • Der is noch gjin fergunning foar de piiplieding

De fergunning foar de piiplieding tusken de ôffaloven en it sâltfabryk Frisia yn Harns is noch net ôfjûn. It wetterskip hat in ekstern buro ynskeakele dy't ûndersiket oft de piip sa ticht by de seedyk tastien is.

Gewoanwei mei neat boud wurde lâns de seekearing. Inkeld it wetterskip kin ûntheffing jaan. De piip fan 600 meter komt flakby de seedyk. De waarmte dy't frijkomt by it ferbaarnen fan ôffal wurdt by it sâltfabryk omset yn enerzjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)