Undersyk en mediation yn konflikt Roobol

05 feb 2015 - 22:15
  • Alden kamen yn aksje foar direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle

It konflikt tusken âlden en ûnderwiiiskoepel Roobol oer de Burgerskoalle yn Dokkum is sa yngewikkeld dat it noch wol oant ein maart duorret foar't in oplossing yn sicht is. De ried fan tafersjoch is dwaande mei in ûndersyk nei it konflikt, wylst tagelyk in saneamd mediationtrajekt ynsetten is om de partijen wer by mekoar te krijen. Dat seit wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel. Neffens har is de kwaliteit fan it ûnderwiis net yn it geding. Sy sjocht dêrom foarearst gjin rol foar de gemeente yn it konflikt.

De gemeenteried wurdt nije wike mei in brief op de hichte steld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)