Undersyk duorret noch wiken

26 jun 2013 - 15:34
  • It ûngelok op it PM kanaal

It ûndersyk nei it skipfeartûngelok by Grou kin noch wol wiken duorje. Dat meldt de wetterplysje. It útlêzen fan en analysearjen fan navigaasjeapparatuer kin meardere wiken yn beslach nimme. De resultaten sille dan earst dield wurde mei de belutsenen, sa seit de plysje. By it ûngelok, tiisdeitemiddei op it Prinses Margrietkanaal, rekke in echtpear út it Limboarchske Lottum ferwûne. De man fan 67 en syn frou fan 64 lizze beide noch yn it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)