Undersyk drankgebrûk op ynternet

16 des 2004 - 14:24

Ynwenners fan Noardeast-Fryslân kinne op it ynternet oanjaan wêrom't se faak mei drank op achter it stjoer sitte. Yn it noardeasten is by 17 prosint fan de deadlike ûngemakken drank yn it spul. Lanlik is dat folle minder, nammentlik 10 prosint.

Ferkearsfeiligensorganisaasje 3VO komt no mei in enkête op ynternet, oanfold mei ûndersyk op strjitte. Sa moat dúdlik wurde wat der te dwaan is oan it grutte tal drankriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)