Undersyk djoere plysjeburo's

08 jan 2009 - 15:53

Yn maart moat dúdlik wêze hoe't de nijbou fan de plysjeburo's yn Fryslân sa ekstreem djoer útfalle koe. In kommisje ûnder lieding fan âld boargemaster fan Den Haag Deetman, hat foarich jier opdracht krigen ûndersyk te dwaan nei de oerskriedings.

Yn septimber kaam oan it ljocht dat de nij- en ferbou fan de plysjeburo's 69 miljoen euro djoerder útfallen is. It regionaal kolleezje, de Fryske boargemasters, reagearre destiids ferbjustere op de finansjele problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)