Undersyk dea Miranda Olivier

28 jun 2014 - 12:07

Der wurdt sneon seksje ferrjochte op it lichem fan de 38-jierrige Miranda Olivier út Ljouwert. De frou waard freed dea fûn yn har hûs oan de Frederik Ruysstrjitte. De plysje neamt har dea fertocht. In 45-jierrige man dy't ek yn de wenning wie, is oppakt. Hy soe har freon wêze en wie licht ferwûne. De plysje heart de man sneon.

Der hawwe ek ferskate tsjûgen harren melden nei in oprop fan de plysje. Dy hopet dêrmei in better byld te krijen fan wat him yn de wenning ôfspile hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)