Undersyk dea frou rint noch

04 apr 2007 - 10:50

It is noch hieltyd net bekend hoe't de Dútse frou, dy't it wykein dea fûn waard yn de jachthaven fan Snits, om it libben kommen is. It plysjeûndersyk rint noch hieltyd. Der sitte 14 minsken op de saak.

De ôfrûne twa dagen hawwe dûkers yn it wetter socht nei besittingen fan de frou, mar dat hat neat opsmiten. Om't de frou ûnder fertochte omstannich- heden omkommen is, is har freon oanhâlden. Hy sit noch altyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)